A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Online bin ‘k grut

troch: Jelle Bangma

altyd bin ik te berikken
bin standby en daalk online
altyd wol ‘k der foar dy wêze
-keep up with friends, wherever-
mar do… do bist soms sa fier
safoll’ freonen dy’t my folgje
‘k ha der hjoed wer njoggen by
facebook hat myn nijste foto’s
– whatsapp of in sms-
mar do… bisto fake of wier
juster seach ik dy op skoalle
sloechst dyn eagen hastich del
wie dyn i-phone ynteressanter
face to face rûnst my foarby
altyd bisto te berikken
mar online is soms sa fier
hasto safoll’ oare freonen
‘k stjoer de wrâld tal fan berjochten
mar dy… dy berik ik net
‘k sit de jûn út yn gedachten
scrol fertwifele troch de tweets
tink oan earmen om my hinne
‘k fiel my iensum en hiel lyts
(net earder publisearre)