A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Omwegen

troch: Arjan Hut

yn it tsjuster helje ik har op,
mei de fyts oan de hân
wachtsje ûnder it lantearneljocht


dêr komt se oan,
myn gedicht, de leafste,
mei har swiere tas fol rym en ritmes


se fertelt my entûsjast
oer de mystearjes fan de nacht!


se wennet net fier fuort,
mar seit: kom, de oare kant om


dan springt se achterop


se krijt my beet, ik skrik in bytsje,
traapje dochs mar stadich troch,


ûnder stjerren dy’t as hynsten stampe,
troch in bosk fan âlde winters,
oer skulpepaden sûnder ein,


foarby de lêste stêd en fierder,
traapje ik,


foarby, foarby, foarby