Der sille doarpen wêze dêr’tst feilich skûlje kinst
foar’t de wrâld yn flammen opgiet
Doarpen dêr’tst waarme tee út kokosnuten drinkst
en dêr’tst margriten struist om lânminen op te romjen
Sokke doarpen sille der wêze
Der sille doarpen wêze dêr’t de hoanne op de toer
it liet fan de lyster sjongt en yn de tsjerke
de fijannen fersideboartsje
Der sille doarpen wêze dêr’t ik mysels wêze kin
om’t ik brún bin, en do wyt, homo en hetero, folslein mysels
dêr’t minsken gjin ferskil sjogge tusken dyn krollen
en myn blonde hier. Mei elkenien ferbûn
Yn dy doarpen wol ik wenje, feestfiere, dûnsje en laitsje
ek al is it let, hawwe de kafees de doarren sluten
en binne de flessen leech
Der sille doarpen wêze dêr’t we de eangst bedobje
en dêr’t we grêven iepenje, freonskip rom paad jouwe
en hân yn hân de leafde fiere mei sjampanje
Yn sa’n doarp wol ik wenje, wol ik wêze wa’t ik bin
wol ik de leafde libje
omdat it kin
Publisearre yn Fersefariaasje edysje 2023