Alle nachten sjoch ik myn freondinne
dy’t ûnsichtber is foar oaren, sjochst allinne
mar har moaie eagen dy’t bewege.
Nee, se is net swart, se is gjin Surinaamse
of in Afrikaanse, nee, se is gjin negerinne.
Sjochst allinne mar har eagen dy’t bewege,
sis mar, dat har eagen stjerren binne.
Bist noch wekker, frege se juster,
bist dochs net benaud yn ’t tsjuster?
Nee, ik sliep, sei ik, ik dream
dat wy tegearre yn in boatsje sitte,
dat we mei deselde gong as juster
troch de fearten farre mei in âlde pream.
We gean hiel hurd yn ’t tsjuster.
Dreamst al, frege se in kear. Ik hear dy net,
bist myn freondinne dan net mear?
Nee, ik bin wekker, sei ik, ik betocht,
wat moast ik sûnder dy begjinne?
Alles soe hiel oars ferrinne.
Sûnder dreamen soesto net bestean,
en sûnder dy lei ik hjir mar allinne.
Alle nachten sjoch ik myn freondinne
dy’t ûnsichtber is foar oaren, sjochst allinne
mar har moaie eagen dy’t bewege.
Net in minske dy’t har sjen kin,
nee, gjinien dy sjocht ús rinnen.
Om ‘e moanne hinne sjochst har eagen,
sis mar, dat har eagen stjerren binne.
út: argyf FeRstival