troch: M. Vasalis
De bus rydt as in keamer troch de nacht, Fóar my de jonge krekt noch skearde nekken Dan sjoch ‘k ynienen, as in dream, yn ‘t glês No sjoch ik ek mysels. Allinne Der is gjin ein en gjin begjin (oersetting Atze Bosch)
de wei is rjocht, de dyk leit einleas fêst,
lofts de bedimme see, nea yn ‘e rêst,
ús útsicht yn it sêfte moanneljacht.
fan twa matroazen, ‘t gapjen amper teame,
dy’t letter, nei in koart en linich rekken,
ûnskuldich op inoarrens skouder dreame.
yl en trochsichtich fêst oan uzes klonken,
soms like klear as wy, dan wer yn see fersonken
de geast fan dizze bus; it gers
snijt dwers troch de matroazen hinne.
myn holle dinet boppe ‘t ronf’lich wiet,
beweecht, krekt oft de mûle iepengiet,
as in ferbjust’re seemearmin.
oan dizze tocht, gjin aanst en doe, gjin halte,
allinne mar dit lange no, sa wûnder spjalte.