A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Ofskied

troch: Janneke Heslinga

Hjoed nimme wy ôfskied
de wurden klinke hol
in echo troch de romte
de seal dy sit grôtfol


Ik hear immen snokken
dy gûlt oan ien stik troch
ik frommelje oan ’e mouwe
wit ek net wat ik doch


De frou dy praat mar fierder
ik krij net alles mei
de ferskes dy’t se draaie
ferbine my mei dy


De kearsen dôvje stadich
de loft dy fielt sa swier
ik soe wekker wurde wolle
dat ien seit ’t is net wier


Hjoed nimme wy ôfskied
wy ha gjin ôfskied naam
hoe hie ik witte kinnen
dat der gjin kâns mear kaam.