A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Ôfskie fan Skylge

troch: Antsje van der Zee

Lit de sinne
noch hiel efkes
dûnsje
mei dyn hier.

 

Omearmje
de dunen,
boartsje
mei de beammen,
glimkje blier.

 

Lit de weagen
fan frijheid
noch net
op de klippen slaan.

 

Foarmje in boechbyld
doar dy
oan it gûlen
fan de wyn
oer te jaan.

 

Lit dy
noch krekt efkes
meifiere
troch it strân.

 

Laitsje
noch ien
lêste kear
leaf
nei it eilân.