Us mem hat wer wat by de ein
sy hat it lêsten tsjin ús sein
de spikerbroek sit har te stiif
in fetrôle plakt har op it liif
Sy sil op spinning en dieet
en yn ‘e keuken giet it need
gjin sûker mear en ek gjin fet
kaloryearm is no de wet
Wy krije dus gjin pasta mear
mar brokkoly en skânzenear
De mayo bliuwt ek yn ‘e kast
oant mem har spikerbroek wer past
Ferballe is de nútsjesmoar
de sjerp stiet stil efter de doar
ús bôle wurdt besmard mei spread
mei tritich prosint minder fet
Kola en chips binne foarby
gjin snobbersguod foar dy en my
mar op ‘e tafel komt yn stee
in ryswafel mei finkeltee
Us mem dreamt fan in simmer strân
yn ‘e bikiny op it sân
mar dat slankheidsideaal
wurdt ús suver hast fataal
Sok iten kinnen wy net oer
wy wurde roppich fan sok foer
dus stekke wy op freedtemoarn
wol gauris by McDonalds oan
net earder publisearre