A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Oerspand

troch: Berber Spliethoff

Us master is oerspand.

Teminsten, dat fine wy.

Dêrom hâlde wy mei de hiele klasse

in ‘oerspand wêze’ listje by.

 

Gappet master in kear lûd,

jouwe wy ‘oerdreaune wurgens’ oan.

Rint master krekt wat minder hurd,

dan skriuwe wy: ‘Rinne kin er ek net mear gewoan.’

 

Soms moatte je minsken in bytsje stypje.

Dus bart der de hiele dei neat,

dan helpe wy master in hantsje

en begripe wy alle opdrachten ferkeard.

 

Oooh, moasten wy in opstel skriuwe?

Moast der gjin tekening by?

Oeps, bedoelden jo dy oare sommen?

Moatte wy no alles opnij?

 

Master besiket him noch yn te hâlden.

Mar meastal giet it dochs ferkeard.

Dan begjint er hielendal te triljen

en wurdt syn holle fjoerread.

 

Allegearre skriuwe wy op it listje:

Oergefoelich, it wurdt him gau tefolle.

Hy is strest en hat

in allemachtich reade holle.

 

No sit master oerspand thús

en hawwe wy in nije juf.

Mar wy misse ús master wol.

Dy nije juf, dy is mar suf.

 

Der bliuwt mar ien ding oer:

moarn begjinne wy wer mei in nije list.

Spitich, dizze juf is ek oerspand

hawwe wy mei-inoar beslist.