A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Oergong

troch: Elske Kampen

Shakira sjongt foar my de pine,
by donkerread behang en sigaret.
Hjir boppe leit myn rêchsek klear
om foar altyd fuort te gean.
De Barbie ûnder it bêd is dea,
der is yn my gjin boartsjen mear.
Myn mobyltsje swijt yn alle talen,
in kâlde mûs yn swart en wyt.

Dy’t juster myn freondinne wie,
yn famkesfreonskip foar altyd,
is hjoed ferlyfd.
Dy bin ik kwyt.
No sykje ik om myn eigen kleuren,
mei reade lippen en in pearse jas.
Myn lange hier haw ik hjoed ôfknipt,
myn krullen binn’ ferskriklik koart.

En de lange trep nei ûnderen
is in tsjuster gat.
Achter wiet besleine ruten
riert mem fûleindich yn krintsjebrij.
Riert mei reade wangen
skjin oan ein,
har oergong yn ‘e mjitte.
Moarn is it snein.

(út: FeRsefariaasje, 2006 bewurke)