A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Oer en tefolle?

troch: Giny Bastiaans

Kinsto grutte minsken folgje?
Under iten sei ús heit:
”t Sjocht hjir swart fan bûtenlanners
’t wurdt te fol, dat is in feit’
Mar fan ’t winter, mei Somalië,
sei ús mem noch: ‘Sjoch no ta,
Och sa’n stumpert, och sa’n stakkert.
Kinne wy net ientsje ha?’
Sneontemiddei op myn jierdei,
rôp myn leukste omke, Durk:
‘Bûtenlanners krije baantsjes.
En foar my? Foar my gjin wurk.’
‘En se hawwe neat by d’ ein no,’
sei ús buorfrou tsjin ús mem.
‘Wy mar wurkje en betelje.
Moatst se dêr no sitten sjen.’
Sels ús beppe sei: ’t Is skande,
Hast it sjoen? ’t Is gjin gesicht!
Dy bûtenlanners hawwe hjoed
noch altyd de gerdinen ticht.’
Snapsto wat fan grutte minsken?
De bûtenlanners ha it dien.
Mar wat sy foar aakliks dreame
dêroer hear ik noait ris ien.
Minsken hawwe foar in aksje
samar in miljoentsje oer.
Foar in flechtling yn ‘e strjitte
is in freonlik wurd te djoer.
(Ut: Fersefariaasje 1994)