troch: Baukje Wytsma
‘k Wol dizze jûn myn grinzen ris ferlizze By ‘t túnpaad stean ik stil en wachtsje, De grutte dyk, koplampen yn ‘e fierte. De grutte nachtstêd mei wol tûzen ljochtsjes. Allinne beppe Eke noch in ansicht stjoere. (Ut: Lokaal 13, 2000)
aanst stek ik ôf, al is ‘t ek neare nacht.
Hoe moat dat no? Moat ik it thús net sizze?
Ik ha de moed net. ‘t Komt te ûnferwachts.
triuw tsjin it stek, it slot falt ticht.
Ynienen leit de wrâld wiid iepen.
No bin ik frij. ‘t Fielt rom en licht.
Wa nimt my mei? Ik reizgje sûnder doel.
Alles is better as dy stomme skoalle.
Ik wol hjir wei. Kots op de hiele boel.
Ik fiel my noflik, suver yn ‘e sûs.
Hûnderten kilometers oer it asfalt,
baas oer mysels en einlings fier fan hûs.
Se hat myn trui hast ôf, ien mouwe noch.
Ik moat fansels noch efkes ergens pinne.
Dan bin ik klear. Moarn reizgje ik troch.