A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Oer de grins

troch: Janneke Heslinga

Alle dagen stamp ik
nije lûden, nije talen
wannear soe ’k se brûke
bûten ús lokalen?


Wêr’t ik ek bin
mei help fan translate
– dat leit foar de hân –
rêd ik my by need


‘De wrâld oan dyn fuotten
ast dyn talen mar kinst’
ik wurd in petit peu mislik
ast dat mar witst


Wurdlisten sûnder ein
it rint my oer de shoes
ik nim my dan ek foar
ik gean nea fier fan hûs


Ja, gemütlich yn Fryslân
en dy toeristen sil ik krije
as se my it paad al freegje
sil ik yn alle talen swije