Ast fan Pink Floyd hâldst
en net fan Snelle of Maan
ast fan swarte kofje hâldst
yn stee fan rôze enerzjy
ast fan de kjeld hâldst
fan lêze, fantasy en finyl
yn stee fan fitness
en tsjille yn ’e sinne mei freonen
makket dat dy dan minder as de oar?
as alle oaren út de klasse?
do stjoerdest juster nei my
yn ús favorite twadde libben
datst dy faak sa oars fielst
krekt sa oars
as ik.