A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Oars

troch: Jurjen van der Meer

Ik bin net krekt as alle oaren.
Ropt ien : ‘Foarút’, dan tink ik: ‘Ho’.
Ik sjoch yn griis wol hûndert kleuren,
en wol net moarn, mar hjoed en no.


Ik reagearje soms wat nuver,
op feestjes sjit ik samar fol.
Is ’t serieus dan moat ik laitsje,
ik kies faak wat in oar net wol.


‘k Gean meastentiids foar it aparte,
is alles wyt, dan sjoch ik swart.
By fier en rjocht wol ik de bocht om,
is alles lang, dan doch ik koart.


Ik nim geregeld krekt it oare,
de gekste dingen fyn ik bêst.
‘k Fiel bûtenút hiel faak de drokte
en yn ‘e stêd priuw ik de rêst.


Ik sykje altyd it spesjale,
dat past gewoan it bêst by my.
Der komt in dei, dat silsto merke,
dan sykje ik wer en fyn ik dy.


(Net earder publisearre)