troch: Margryt Poortstra
Oarloch is: foar alles bang, Oarloch dy’t de wrâld ferskuort, Is dy frede hjir oprjocht? Frede moatt’ wy altyd dwaan, út: Tusken rein en sinne, 2008
noait net witte foar hoelang
de soldaten yn ‘e strijitte
fjochtsje en op alles sjitte.
‘t Kin net skele yn hokker taal,
oarloch is in wreed ferhaal.
is foar ús in hiel ein fuort.
oare lannen ha dat lijen,
‘t hat dochs neat mei ús te krijen?
Wy ha ommers yn dit lân
sels net oars as frede hân.
Binne wy net yn gefjocht
as wy skelle, slaan en skoppe
en gemiene nammen roppe,
sizze: do dochst net mear mei?
Dat wurdt oarloch op in dei.
oaren plak en romte jaan,
rekken hâlde mei ferskillen,
elk belûke yn ús wille,
diele mei wa’t minder hat.
dan komt frede neat tekoart.