‘k Kin myn keammerke oprêde,
of ik poets myn fyts in kear.
‘k Soe in haadstik lêze kinne,
mar ik bin net yn de sfear.
No alfêst de jirpels skile,
dan kin mem aanst rêstich oan.
‘k Sit my dochs mar te ferfelen,
wie it mar hast oare moarn.
Om in boadskip nei de winkel,
mar der is neat wat ik hoech.
Of gewoan in oerke lizze,
mar ‘k bin foar gjin meter slûch.
Kuierje, in ein de dyk del,
mar dat wurdt ek neat, bin ‘k bang.
‘k Wit, it binne mar twa dagen,
mar se duorje ôfgryslik lang.
Eefkes in kompjûterspultsje,
mar ik wit gjin leuken-ien.
Of wer mei dy SMS-e,
mar dat ha ‘k al tich kear dien.
Achtenfjirtich losse oeren,
wiene se mar hast foarby.
Oare moarn, ‘k kin hast net wachtsje,
dan pas bist werom by my.