Ik moffelje myn hânnen djip
yn de bûsen fan myn jas.
Hy hoecht net te witten……
Hy hoecht net te sjen dat ik….
Hy núndert in wize dy’t ik net ken.
Syn grize eagen nimme my hoeden op.
Hy lûkt mei de mûlshoeke.
Glimket er nei my?
It hert fladderet my as in skruten fûgeltsje.
Myn eangst is as in hynder dat opskrillet.
It swit glydt my as in slang oer de rêch.
Ik huverje.
Ik wifkje, moat ik….?
It skaad fan de dei glydt oer my hinne.
Kjeld krûpt my oer de lea.
Skimer lûkt as dize oer de strjitten.
En dan stiet er ynienen stil.
Syn eagen glide oer my hinne.
De siken stykje my yn ‘e kiel.
De spieren spanne my.
Dan slacht er ôf, de brêge oer, in steechje yn
en fuort is er.
De siken ûntsnappe my as in wynpûst.
Ik wrot myn hânnen út de bûsen
en draaf, draaf……… gau nei hûs.