A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Nije jas

troch: Berber Spliethoff

Us mem hat in jas foar my kocht.
Wyn- en wetterticht.
Hy is knalgiel.
It is werklik gjin gesicht.


‘Hearlik waarm foar op de fyts,
dêr bisto wol oan ta.
Leave, sis do no ris wat.
Wêrom sjochsto no wer sa?’


O man, dy kleur,
soe sels in kanarje noch misstean.
No way dat ik dêr
mei nei skoalle gean.


Sil ’k him yn in kontener smite,
of oan in swerver jaan?
ritueel ferbrâne,
of in seemansgrêf jaan?


No is myn jas fuort.
Op in feestje meinaam.
‘Rôversguod sa’n jas,
wier mem, ik kin der neat oan dwaan.’


Ik ha al in nije kocht.
Net waarm, net wetterticht.
‘Spitich hè, ja ’k wit it mem,
myn nije jas is gjin gesicht.’