Ik wol in nije heit en mem,
myn beslút stiet fêst.
Moarn set ik in advertinsje,
dat liket my it alderbêst.
Want ús heit en mem
behannelje my as in lyts bern.
Nim no bygelyks it skoalfeest,
doe wie it drama net te oersjen.
“Bern, hoe hasto dyn hier no!
Ik fyn it wier net stean.
En dan dy klean, gjin gesicht,
sa lit mem dy net de doar út gean!”
Mei in poer min sin kom ik op skoalle.
Mei freeslike klean en in skieding yn ’t hier.
Ik draaf gau nei de wc’s
en sakje hast fan skamte troch de flier.
Om alve oere rydt heit de auto foar.
En as ik dan net bûten bin,
drukt er knal lûd op ‘e toeter,
sadat elts it hearre kin.
Kom ik dan noch net fuort en daliks,
dan komt hy der yn, kompleet mei lange jas en pet.
‘k Dûk noch wei efter de tafel.
Mar fansels bin ik te let.
Dan moat ik wol te foarskyn komme
en ik rin sa stoer as ik mar kin.
Relaxt man, betiid nei hûs.
Check me out, hoe cool ik bin.
Wylst myn wangen kleurje,
en elkenien dûbel leit,
sjoch ik fansels krekt te let
de earms fan ús heit.
Ik besykje noch fuort te dûken
mar ik kin gjin kant mear út.
Heit hat my te pakken en
jout my in hiele dikke tút.
Ik wrik my út syn earms
en draaf nei bûten ta.
Begripe jim no wêrom’t ik
skjin myn nocht fan harren ha.