A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Nije auto

troch: Berber Spliethoff

Ús heit hat in nije auto.
En grutsk dat hy dêr op is:
‘Hy kin wol 250,
ja wier, wat ik jim sis.’
Kompleet mei Bluetooth en Tom Tom
rydt er sa faak as er kin de buorren troch,
sa dat elk syn auto sjocht.
Ik ha skjin myn nocht fan dat gepoch.
Fan ‘e moarn tocht ik, ‘ik wol ek autoride.
Eééh, dat kin ik wol, no’?
Ik pak de kaai fan ’t rekje.
Starte, koppeling, gas en go.
Mar yn ‘e buorren giet it mis.
Ik slip yn de bocht,
dwers troch buorfrou har fioeltsjes
Dy’t ik dochs nea lije mocht.
De auto rydt troch Oenes hage.
Kees syn fyts stiet yn ‘e wei.
Roerlings lâns buormans serre,
No ja, op dy trije rútsjes nei.
Klaes syn tûnkabouter lit it libben.
Jetty’s apelbeam giet der oan
en ek dûmny’s sinnewizer,
kin dizze striid net oan.
Dan by de tjerke komt myn paad oan de ein.
Ik tink: ‘bliksem dit giet ferkeard.’
Ik sykje noch wakker om ‘e rem,
mar fansels bedarje ik yn ‘e sleat.
Hurd klim ik út ‘e auto en draaf nei hûs
en hingje de kaai op, wêr’t er heart.
Dan slûp ik sêft nei boppen ta.
en krûp gau wer yn myn bêd.
(net earder publisearre)