A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Neven

troch: Tsjits Peanstra

Alle libben hat in sin
oan ‘e ein en by ’t begjin.
Sels al hat men op in jûn
in neefke op ‘e keamer fûn,
dat jin nitelet en pjokt,
sadat men sa’n bist ferflokt.

 

Earst is dêr in sacht gesang,
mar dat duorret net sa lang,
dan ynienen strykt er del,
stekt jo yn it bleate fel,
even letter – ja ferduld –
sit dêr al in grutte bult.

 

Dan swar ik oan ’t stomme bist
dat ‘k him krije sil, beslist.
‘k Speur lâns souder en gerdyn
oant dat ik him einliks fyn,
want men stiet der fan te sjen,
wêr’t sa’n neef net sitte kin,
mar krij ik ‘m yn ’t fizier,
slaan ik him oan barrels, wier!

 

En dan dûk ik wer gerêst
einlings yn it waarme nêst.

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.