A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

net oars

troch: Elmar Kuipers

dat it net oars wurdt as ik om dy sykje
as de blêden oan ‘e beammen risselje
en in wolk in tel foar de sinne skoot


dat ik sêft fan leafde blommen yn dyn
hier befrisselje en sis: ik ha dy fûn


dat it net oars wurdt as flinters
knypeagje op ‘e apels en
fjildlysters dronken fan ‘e beien
fleane as de dea


dat de tûken keal en hurd om har hinne
houwe en dat de wyn altyd in heaze spul
brekker is en ik wit hoe’t ek dizze jûn wer


as in bline kearel siket om it lêste ljocht
en ik sa fan dy hâld en myn hert it hielal is
dêr’t de stjerren drôvich skine

 

net earder publisearre