A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Nachtrit

troch: Tsjits Peanstra

In stille nacht. It lampeljocht bleek en kâld
strykt ûnmeilydsum lâns in hûs, in beam en
in âlde pleats mei dingen net te neamen,
sa rydt ús auto troch in frjemde wrâld.

De doarpen lizze sûnder skoar en hâld
yn lange skaden huverich te dreamen
en even letter blinke oan de seame
de stedske neonkleuren, mannichfâld.

It feale skynsel fan in lette blom
keatst as mei tsjinsin yn it ljocht werom
en skoot dan mei it tsjuster wer fansiden,

in lichte damp komt út de sleatten gliden
en moannet ús om stadiger te riden.
De tiid keart as fansels de oeren om.

Út: Neierhân. Samlefersen (1999)