A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Nachtkeamer

troch: Elske Kampen

Ljocht en libben is nearne.
Mei in tsjuster each loert de keamer.
Stuollen swije, houten ribben hâlde
de siken yn en wachtsje. Se wolle fan
it plak en dûnsje oer de grize triedden
fan de jûn.

 

Under de tafel azemt in mûle
lange skaden. Blaast ûnder ljochte lagen
fan oerdei de wurden fan in nachtferhaal.
Flústeret sulveren klanken dy’t rinkeljend
oer de planken rôlje, har idel spegelje yn
it wite moanneljocht.

 

Gjin skûlplak is de keamer no.
Net om te wêzen. Rûnom siicht in hymjen
oer de flier en yn gerdinen. Bûten triuwt
de nacht it liif swier tsjin de finsters, brekt
it glês en ferdrinkt altyd opnij de keamer
wreed yn inkt.

 

net earder publisearre