A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Nacht yn in lege keamer

troch: Arjan Hut

wat as ik net wurch bin no
gjin nocht ha om te sliepen


dat ik leaver de doar út gean
stil hear, dat net ien my fernimt


behalve de moanne
en de swarte kat – dy jout in kopke


sa slûp ik stadich troch de buorren
allinne yn myn holle baarnt noch ljocht


gers strykt as fluwiel tusken myn teannen
en ûnder de hege, slûge beammen
hinget de waarmte fan de dei


soms woe ik leaver wolken wêze
liet fan stoarmen, liif fan rein


soms begjin ik, rin ik, sûnder witten
mar de dingen dy’t ik nèt wit – nim ik mei