A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Myn wrâld

troch: Jelle Bangma

Ik wit in hiel moai paadsje
ik kin it fine
oaren net
it ropt allinne my
kom, seit it, kom
hjir achter leit in lange leane
dêr’t rigen beammen
dreame, dreame…


Ik krûp it paadsje del
de wrâld út troch de strûken
dêr sjongt de wyn my ta
de blommen leitsje
wiest der al
op teannen meitsje ik my lang
en rik de blauwe loft
mei fûgels kin ik
fleane, fleane…


Ik fyn it hege gers
de fiver
leaf, ferlegen
de wetterige eagen winke my
de waarme hannen hâlde my
yn tiidleas driuwen
oant fier hjirwei
hoe fier
de toer seis oere slacht
ik moat nei hûs
de beammen wiuwe dan
oant moarn, oant moarn…


(Út: Smoarge smjirkerts, 1990)

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.