Sorry, mar ik bin net goed yn
wiskunde en ek myn talen
helje lang net it heechste nivo,
fan lege sifers krij ik de balen.
Ik soe’t graach wolle, al dy 8ten
o sa cool laket my in njoggen ta,
tink ik ris oan in tsien dan stuitet
daliks alles op: sa kin ’t wol ta!
It leit net oan de learaar
of oan de dekaan,
net oan de skoalle,
net oan mefrou Wessels,
ek net oan menear de Haan.
It sit yn mysels,
ik wit dat wis
omdat myn holle
ien grutte kreative bobbel is.
Tekenje en ferhalen skriuwe
wolst it net leauwe mar as ik
dêr oan tink dan fljocht de tiid,
wurd ik alderferskuorrende bliid.
Toaniel en muzyk,
dûnsje of in skilderstik
dy jouwe my in kik,
dat is myn wiere ik.
Do silst hurder wurkje moatte,
sizze heit en mem en de dosinten,
troch fûl te learen fertsjinnest
skielk de measte sinten.
No se kinne my wat
mei dat jild foar letter,
hjir in gedicht foardrage
fielt foar my de helte better.