A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Myn saks en ik

troch: Jan Dotinga

(foar Anneke Bron)

Ik ha in oare helte
it is myn saksofoan.
Hy keart my binnestbûten
ik lit him myn wêzen sjen.


Stadichoan is hy mei my fergroeid.
Syn holten waarden hoalen yn myn lea
syn iepeningen teisters
nei de wrâld
nei dy.

 

Myn weemoed hat er lûden foar.
Al myn ferlangsten sykje in útwei
troch it reid.
By lûde gjalpen trillet koper mei
sêft snokjen tripket troch.


Hy dûnset mei
yn rigen ridels iepen ticht
en ticht en iepen
as ’t libben trioalet.

Hy is myn hâld
yn rêstige ritmen jout er
wisse ûndergrûn.


Wy binne tegearre in rapsody
mei it orkest dat om ús hinne is.

 

(út: FeRsefariaasje, 1986)