Ik doch myn rêchsek fol mei skoalleboeken
se binne swier fan wurden
en fertelle oer de wrâld.
De kennis dy’t ik noch net ha
in witten en begripen.
Ferhalen oer sinne en de ierde
oer minsken fan fier en hein,
in oare taal, gebrûken.
Oer leauwen, tinken, wittenskip
mei bylden út it ferline
Yn myn rêchsek sit ek in boek
sa swier as lead
ferhaal fan djip fertriet.
Dieden dien út macht
ûnbegryplik en sûnder ein.
Dat boek is fan eartiids
in boek fan skiednis doe
mar ek no klinke de wurden.
Se gean oer minsken fierder fuort
en tichterby.
Foar har gjin rjocht fan libben
gjin plak foar bern
gjin frijheid om te wêzen.
Tsjuster en ûndraachlik
bedriigjend foar it bestean.
Ik pak myn rêchsek op
en nim se mei nei skoalle ta
dy boeken.
Eangst en ûnmacht
bin hast net te rissen.
De swierte fan de wurden drukt;
dy kennis en dat witten
moatte dochs begripe litte.
Dat takomst allinne oars
mar mooglik is.