A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Myn mobyl

troch: Neeltje Bonnema

Ik sit al even op ‘e fyts
en ynienen, shit, o nee!
Myn mobyl leit noch
njonken de beker tee.
Dat kaam fansels fan
Annyk, dy sms-ste
fansels oer Kees-Jan
O, wat bin ik stom,
myn mobyl fergetten!
Ik moat Ine en Anna fertelle
wêrom Kees-Jan belle,
en Annyk wer sm-esse
wat Ine en Anna dêr
doe wer fan seinen.

Wat no, ik kin net werom,
ús mem dy fynt dat
sms-en en gebel al sa dom.
Te let op skoalle?
Dan mis ik de les fan Douwe- Ale
krij in IEN op myn toets!
O, bale, bale
Hear ik dêr ien roppen?
Ik sjoch om, ús mem
yn har âlde bak! Riidt sa de auto
yn de berm te plak. Laket nei my:
‘Sjoch dyn mobyl, kinst noch krekt
foar de les sm-esse mei Annyk.
Wiest in bytsje yn panyk?’
Aansens gau in sms-ke:
mem is in skat!
(net earder publisearre)