Der is in prachtich moai gedicht,
ik kin it hielendal út ‘e holle.
Ik wit it mei de eagen ticht,
wat soe ‘k it hjir graach bringe wolle.
Al myn gefoel kin ‘k der yn kwyt,
it rint sa moai, it kin dy reitsje.
Mar dochs fiel ik in bytsje spyt
dat sil ik jim no dúdlik meitsje.
Want dat gedicht, dat mei hjoed net,
al sil it noch sa prachtich klinke;
it is net yn dit boekje set,
dat foarskrift moat ik wol om tinke.
Sa binn’ de regels fan de wet:
do moatst wat út dit boekje sykje.
Mar wat sil ‘k kieze, ‘k wit it net,
ik bliuw mar oan it fergelykjen.
Pas ast yn de finale stiest,
dan meisto sels in fers útkieze.
‘k Wit no wat my te wachtsjen stiet:
‘k wol dizze ronde net ferlieze!
Want jim binn’ grif nijsgjirrich nei
dat moai fers, hjir djip fan binnen.
No… as ik nei de finale mei….
dàn sille jim it hearre kinne!
(net earder publisearre)