troch: Janke Nicolai
Hoe ‘t it wêze soe Op de ôfsprutsen tiid, Dyn byld ljochtet op, Us petear is saaklik. Diele mei in oar kin ik dy net. Tegearre lizze wy saken fêst Lêsten doarde ien te freegjen Mar soe ik dy net ha, (Net earder publisearre)
asto der net wiest,
soe ik net mear witte.
moarnsier,
makkest my wekker.
Beide, fol enerzjy,
begjinne wy de nije dei.
mar ûnwis is myn hân
asto fregest: Reitsje my oan!
It bewurkjen, earst skruten,
bang ferkearde dingen te dwaan,
ferbannen net goed lizze te kinnen
en dêrtroch in flater te slaan.
Yntym -in inkele kear- sprekst
my leave wurdsjes yn ‘t ear!
Fan nijsgjirrige eagen
ha ‘k gjin ferlet.
Dyn útstrieling is bûtengewoan.
‘Cool’ is dyn ringtoan.
troch ynternet, bluetooth,
msn, tillefoan,
tekstferwurking en de kamera.
Fan alle merken bisto thús.
wat alle oandacht kostet,
dy’t ik oan dy besteegje.
Hannen fol jild,
ha ‘k earlik sein.
dy net oplade kinne,
gjin kontakt mear ha,
gjin opdracht, gjin gewin.
Ik sil dy sizze, it komt
út de grûn fan myn hert,
sûnder dy, myn mobyltsje, kin ik net.