Us beppe rint der soms wat by,
ferfromm’le en ferlept.
Mar hat se by de kapper west,
dan fielt se har wer opperbest.
Us beppe seit fan: permanint
dat is in bêst resept.
Us Maarten hie in matsje want
dat wie wer sa modern.
Hy wie sa cool en lekker stoer,
mar doe ynienen wie it oer
en de tondeuze, noait wer sêd,
dy friet him keal en glêd.
Us heit hat hjir en dêr in pluk,
hy strykt de hiele dei.
Mar elkenien dy sjocht it wol:
hy wurdt sa keal aanst as in bal.
Us heit dy laket en hy ropt:
‘Hee, bold is beautiful.’
En ik?
It kopke fol mei krullen,
of spikes mei supergel?
In kleurke yn myn hoannekaam?
Ik doar de dyk wol del!
Want alles kin en alles mei,
dat is mar al te wier
en ik bin sels myn eigen baas
oer my en oer myn hier.
út: FeRsefariaasje 2006