Ik hie in freon, hy wie myn maat
eins alles tagelyk
wy wienen faak tegearre.
Ik mis him sa, dat is net stoer
ik hâld my dêrom stil
net ien wol nei soks hearre.
Mar soms as ik allinne bin
sa hielendal allinne bin
dan huf ik faak sa fûl ik kin
mei beide fûsten op ’e muorre
ik raas en rop en skop en skel
‘k wol alles wol ferskuorre.
Hy rekke by my wei, ’k kin hast
net tinke oan dy dei
myn freon myn maat, ja alles tagelyk
hy lei dêr samar op ’e dyk.
Ik hie in freon, hy wie myn maat
mar ’k kin it dêr noch net oer ha
want ’t is net stoer en it docht sear
mar sjit, sjit, sjit
ik mis him sa.