A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Myn broer

troch: ytsje hettinga

myn broer en ik sa stoer
by’t beltsjedrukken
hofkesjongen
en ’t pleagjen fan ús mem
ik en myn broer breinroer
mei heit op ‘e bromfyts
de moudige paden oer
famkesaventoer
broer en broer
myn fjildbroer
yn ‘e natoer
myn sportbroer
yn it partoer
myn drinkebroer
myn broer en ik
sa stoer
fol fjoer eagen wy
syn takomst yn
Afghanistan
no njoggen moanne lyn
Helmand
‘helpe man!’ sei myn broer
heit langet mem
in bûsdoek oer
elk praat oer myn broer…
(net earder publisearre)