‘k Lis yn ’t gers, tichtby de roazen,
‘k tink oan dy, myn leave hûn.
Djip ûnder my leist begroeven,
op dyn tekken, yn ‘e grûn.
As wy by de tafel sieten,
leidest meastal by myn stoel,
want wy wisten allebeide
dat der faak in stikje foel.
Witst noch hoe’t w’ om hurdste draafden?
Steefêst wûnst it dan fan my.
En as ik mei maten boarte,
heardesto der altyd by.
Wiest in blaffer, wiest in fretter,
wiest in fjochter yn’t kwadraat.
O, wat hast ús katten pleage,
mar dochs wiest myn bêste maat.
Want as wy tegearre swommen,
dan wiest noait fier by my wei,
’t like krekt ast op my pastest,
leave hûn, wat wiest my nei.
‘k Sjoch ús noch tegearre rinnen,
soms liet ik dy eefkes frij.
Mar dan woesto noait wer komme,
heardest noait in kear nei my.
Wiest in rothûn, wiest in duvel,
woest ek noait om sizzen jaan.
O, soms koe ‘k dy wol fergrieme,
mar dochs soe’k dy noait wat dwaan.
Sietst te wachtsjen as ik thús kaam,
giselsturtsjend foar it stek.
Wat wiest bliid as’t my dan seachste,
‘k sei it net, mar ‘k wie it ek.
Wiest myn krûper, wiest myn treaster,
myn fertriet koe ‘k by dy kwyt.
Ik fiel noch dyn sêfte earen,
en dat hier, sa lang en wyt.
‘k Hear de wyn dyn namme rûzjen,
roazen bloeie as alear.
‘k Sit hjir by myn leafste freontsje,
en ik mis dy hieltyd mear.