A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Myn alderleafste hynder

troch: Meintsje Brouwer

Hast alle dagen gie ik nei Akino
en dan fleach er fleurich op my ta
ik kloppe him stevich op syn sterke flanken
want hy woe graach in komplimintsje ha

 

Dêrnei mocht ik him beride
earst opsealje en dan sels teplak
in lyts triuwke mei de hakken
en we draafden troch de grutte bak

 

Hy wie bliid, dat koe ik oan him fiele
aanst tegearre troch de bosk, dat fûn er fijn
it wie in feest, sa’n hearlik ritsje
en wy wiene beide sa optein

 

As it foarby wie, waard er wolris wat balstjurrich
mar dan krûpte ik him even oan
en flústere sêftkes yn syn ear:
noch ien nachtsje hear, dan is ’t wer moarn

 

Mar fan ’e moarn gjin hertlik wolkom
ik koe der wier net by
en wêrom stiene alle hynders treurich yn
in rûntsje om it plak dêr’t myn hynder lei?

 

Samar ynienen gie de grutste merje
der fan troch en stegere de maneezje del
doe seach ik dat Akino dea wie
o, wat waard ik dêr ôfgryslik kjel

 

Ik soe no ek wol stegerje wolle
want it docht sa feninich sear
want myn alder-alderleafste hynder
Akino is der no net mear