A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

MSN

troch: Jelle Bangma

Ik fyn de wrâld yn MSN,
online sjoch ik jim sitten;
jim rammelje it toetseboerd,
’t is lekker drok en hektysk hjoed.
De moarn giet yn ‘e dei ferlern.


Ik babbelje yn MSN,
wy ha de measte wille;
guon ken ik wol, guon ken ik net,
mar ‘k iepenje myn iensum hert.
De middei yn ‘e dei ferlern.


Ik libje troch myn MSN,
wat soe ik oars ek moatte;
se bringt yn ’t lêst wat sjips en fris,
– net prate mem, online a kiss -.
Yn skimerjûn de dei ferlern.


Ik bin myn eigen MSN,
online sjochsto my sitten;
ik haw in digitale date,
yn ’t skerm grypsto myn lichem beet.
Yn ’t tsjuster giet de nacht ferlern.


Ik toets myn langst yn MSN,
fan dei en nacht gjin noasje;
oant mem my by de hannen pakt,
de stekker skuort út it kontakt.
Alwer in dei yn tiid ferlern.