A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Monsieur De Boer

troch: Elske Kampen

Ik haw in learaar Frânsk,
ja, ik wit it is wat frjemd.
Mar altyd moat ik oan him tinke,
it is echt sa’n knappe fint.
Sokke moaie eagen hat er,
it iene brún, it oare grien.
En hy laket as in filmstjer,
echt sa leuk laket gjinien.
Hy docht hiel oars as al dy
skiterige jonkjes om my hinne.
Dy bin sa smel en spjochtich,
dêr wol ik net neist rinne.
Mei opskeard hier en pûstjes
sa hjir en dêr op it kin.
Prate mar oer games en fuotbal
echt net nei myn sin.
Nee, dan monsieur De Boer
en syn ferhalen oer Parys.
Dêr soe ik mei him hinne wolle
tegearre yn de Thalys.
Mei swarte krollen op syn kraach,
is er folle knapper as ús heit.
Ik snap net dat ús mem
dêr nachts noch njonken leit.
Moarnier haw ik wer Frânkse les
fan myn monsieur De Boer.
Om my duorje syn lessen ivich,
gean se noait wer oer.
Ik wit it wol, ik bin noch jong
en dit gefoel giet wer foarby.
Mar lit my earst moai dreame
oer monsieur De Boer en my.
net earder publisearre