A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Moetsjen

troch: Fetze Pijlman

In stik stien bruts út de rots,
tûzen jier lyn
en dindere nei ûnderen.

 

Dat wie it begjin fan de reis
fan op ‘e rin en oan ein
fan rôljen en brekken
fan swalkjen en stykjen
weiskood ûnder snie dy’t raant
bemitsele yn lewanten
ferskopt troch fuotten
fertôge troch hannen
ferslepe nei de rivier
dy’t in paad is foar reizgjende stiennen
meilutsen troch it wetter.
Hy sliept op de igge
hy rôlet yn de stream
oant er by de see oankaam is.
Dan is er lyts en glêd sliten
troch weagen op it strân smiten.

 

Ik bin fan hûs gien fan ‘e moarn
en tref him tusken de skulpen oan,
dy’t hjir nei tûzen jier belâne
ferwaarmje ik yn myn hân.

 

oarspronkelike titel: ‘Ontmoeting’
Oersetting: Harmen Wind

 


út: Voor het eerst, 1984