Wie it dyn mûle dy’t it die? Dyn laits?
Begear fan fonkeltosken yn dat noegjend
libbensread, gebeart fan langstme en geniet,
de tsjoen dy’t dyn gesicht op slach ferljochte?
Wie it dyn waarmte dy’t it die? Dyn rook?
In soele wyn oer maitiidsfjilden dy’t dy late,
odeur fan wille, leidich blomkjen, hite twang,
it rûkersguod fan slij en roppich boartsjen?
It wie in lûd, de rissel fan dyn rok. In sucht.
Doesto my rekkest yn dyn gean, it iennichste
kontakt, ien amerij, stoffe dy’t stoffe streake,
de ûnfergonklikens fan opgean yn de nacht.
(út: By heech en by leech)