A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Moeting mei alle minsken

troch: Elske Kampen

No’t er omheech fljocht yn syn raket,
de astronaut rjochtstreeks de himel yn,
is er benijd as hy dêr ek ien treffe sil.
Miskien it mantsje fan de moanne of
in ingel yn it gouden ljocht of mooglik
syn pake dy’t er noait sjoen hat.
Dêr giet er en hieltyd fierder is er fan
de ierde, oant er sûnder gewicht licht
as in fûgel sweeft yn de atmosfear.
Dan keart er syn eagen nei de ierde en
sjocht hoe lyts dy werklik is. En hoe fier
hy wol net fleane moast om yn ien kear
de hiele wrâld te sjen mei alle minsken
sliepend, boartsjend, wurkjend, itend,
rûzje meitsjend en wer tútsjend.
Syn pake of in ingel sjocht er net mar
de astronaut hy laket, omdat it krekt
de himel is dy’t him sa moetsje lit mei
alle minsken tagelyk op ierde.
út: LinKk, 2014