Myn suster is sûnt koart ‘model’
en ynteressant dat se dêr oer docht.
Se is it noch mar trije wiken,
mar ik ha no al skjin myn nocht.
Moarns stiet se oeren foar de spegel
en komt de badkeamer mar net út.
Do kinst roppe en raze,
it jout dy wier gjin sprút.
Giet de doar dan einliks iepen,
dan skrikke wy ús wyld.
Hat se wer sa’n masker op
fan ‘Tara Wonderfield’.
Deis paradearret se troch it hûs
en docht oft se Madonna is.
Heit sjocht net op fan ‘e krante,
mem is ferdjippe yn har kwis.
Se is ek oan de lijn,
elke kalory telt mei.
Se yt deis mar ien stikje bôle
en draaft 10 kilometer elke dei.
As middeis de sinne skynt,
dan meie wy net yn de tún.
Omdat mefrou dêr dan neaken leit.
Oars wurdt se net hielendal brún.
Dat de hiele buert har wól sjen kin,
dat wit se seker net.
Mar ik ha ús buorman
der noch net oer kleien heard.
Jûns is it it alderslimste:
binne wy oan ‘e ôfwask ta,
dan kin sy fansels net helpe,
oars rimpelje har hannen sa.
Wa leit der nei de ôfwask
mei in grutte pûde chips op ‘e bank?
Krekt IK!
“Wolst ek in hapke, suske?
O nee, dan wurdst’ te dik!”