A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Mobyltsje

troch: Pier Bergsma

Ik bin gek mei myn mobyltsje
moarns betiid set ik him oan,
hy kin fan alles, in juwieltsje
foto’s en dan fansels de tillefoan.

‘k Haw him krigen op myn jierdei
en it is myn moaiste kado.
Us heit, dy is der net sa bliid mei
juster raasde hy fan: ‘Ho,

út dat ding, ûnder it iten.’
’t Wie noch wol myn bêste freon,
en hy bellet my hieltiten
oer in ôfspraak, takom sneon.

Under skoaltiid – is besletten –
bin’ mobyltsjes strang ferbean
him út te dwaan, wie ‘k glêd fergetten
en de learaar hearde him gean.

‘Hjir dat ding en gjin gejammer’
en hy die him yn en… út syn tas
pakte doe in grouwe hammer
en sloech myn djoere mobyl oan smots.

Deastil waard it yn ‘e klasse,
grif hie hy ’t ferstân ferlern.
Hoe krige hy it yn ‘e plasse!
In gek! Dat soks hjir sa mar kin!

Tajûn: ’t wie de fjirde kear
Mar it die my wol ferhipte sear.
Fuort nei lestiid, foar de klas,
kaam myn mobyltsje út syn tas.

It wie in grapke fan dy man,
mar ik hâld dêr net sa fan.

Hy joech my noch in goede ried,
mar ried ris wat ik daliks die
doe’t ik bûten skoalle stie?
Just: ik belle fuort myn freon
oer dy hammer en oer sneon.

út: argyf FeRstival