Us Moarke wurdt aanst al achttjin,
dat is in hege leeftyd foar in kat.
Mar oft er ’t hellet, doar ik net te sizzen:
dat bist mankearret nochal wat!
Hy kin net sa goed mear rinne,
syn achterste poat wol hast net mei.
Hy is sa meager as in latte,
ik fiel de bonken as ik him aai.
Oan ’t iene each is er al blyn
en hy mist wol fjouwer tosken.
It swarte fel is feal en goar,
dat hat er yn gjin tiden wosken.
Syn neilen binne lam,
hy bliuwt oan alle kleedsjes heakjen.
Bôle kin er inkeld ha
as it yn molke leit te weakjen.
Buorman seit: ‘Bring ’t bist by my,
dan doch ik ‘m út ‘e wei.’
Moatst begripe, stomme keardel,
dat er dat gewoan sa sei!
Want ús Moarke is my hillich,
wier, ik wol dat bist net kwyt.
Fan him hâld ik it aldermeaste,
sels… as er stikem yn in hoekje skyt!
út: FeRsefariaasje 1998