Ik ha dy mist
sa leaflik bist
datst my as in dize
yn de holle sitten giest
licht en swier skimerje kinst
dat meist sels kieze
Do bist as in moarnswolkje
dy’t sêft oer it lân aait
bleate fuotten op dampich gers
wyn dy’t yslik kâld waait
litst my trilje as in kears
mar dyn wite tekken
hâldt myn tinzen waarm
en lit myn bloed kolkje
As op iere oeren
de sinne troch de kieren spûket
ferskine dyn kontoeren
sil de dize gau wer opdûke
wat ha ik dy mist