A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Mis(s) Moedich

troch: Anne Heegstra

de donkere hjerst- en winterdei
drukt my faak sa del
alles falt my dan te swier
sit echt net lekker yn myn fel


út de neilen fan myn fingers
it glânzjen fan myn hûd
yn de wulving fan myn skouders
en myn stappen troch it hûs


út it fallen fan myn hier
yn it jaan fan in tút
en de opslach fan myn each
oeral sprekt mismoedigens har út


mar as einlings dagen lingje
fiel ik my wer licht
wyn yn myn hier
en sinne op myn gesicht


fluitsjend gean ik troch it libben
flamjend is myn fel
krollen springe om my hinne
tuten dûnsje op dy del


as ko- en bûterblommen
sjochst maitiidsdei ek my
wer hielendal ta libben kommen