A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Merke

troch: Berber Spliethoff

Juster sei ús heit ynienen:
“Wit’ jim wêr’t ik sin oan ha?
Sille we hjoed ris mei elkoar
nei de Snitser merke ta?”


Dus, beppe Tryn waard daliks belle.
Omke Kees, dy moast ek mei
en buorfrou en de bern net te ferjitten.
Yn optocht gienen wy op wei.


Beppe seach noch net de achtbaan,
of se fleach der al op ta.
“We binne mar ien kear jong myn berntsje.”
“Hjoed sille wy wille ha!”


Nei acht kear yn ‘e ‘Goliath’.
Wie ‘k sa mislik as’t mar kin.
“Eèh, net seure,” sei buorfrou.
“Hjir hasto in sûkerspin.”


“Kom op, yn ‘e botsauto’s,” sei heit.
“We botse der op los!”
No, it rubber fleach ús om ‘e earen.
Alle auto’s total loss!


“No, giesto yn ’t reuzerêd,
gesellich mei dyn omke Kees.”
Mar dêr yn ’t heechste bakje,
hie ‘k dochs lêst fan hichtefrees!


“Stel dy net oan,” sei mem.
“Sa benaud bin’ wy dochs net,
wy gean it spoekhol yn.”
No, we ha ús mem noch noait sa razen heard!


Oan ‘e ein fan dy dei,
wie ik dûzelich en mislik,
siet oeral sûkerspin,
hie ‘k in seare nekke,
dôve earen en in poer min sin.


Ik tink dat ik takom jier
mar mei fakânsje bin.