A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Menear Bakker en syn hûn

troch: Tiny Mulder

Sjoch, dêr rinne grou en rûn
menear Bakker en syn hûn.
Menear Bakker kuiert deftich
en syn hûn woef-waft ferheftich.
Menear Bakker en syn hûn,
elke moarn en elke jûn.

 

Hoe komt dy menear sa rûn?
Wel, hy snobbet elke jûn
in pûn dropkes en rezinen.
O, hy mei graach lekker sline.
En hoe komt dy hûn sa grou?
Hy krijt koekjes fan de frou.

 

Jonges dy’t graach gekheid ha,
roppe soms elkoarren ta:
Sjoch, dy hûn fan menear Bakker
liket op syn baas, de stakker;
allebeide grou en rûn,
elke moarn en elke jûn.

 

Fan de moandei oant de sneon
kuiert Bakker mei syn freon.
Mar op snein dan rinne sijën
yn it parkje mei har trijen.
Dan giet nei ’t gehak en slaad
mefrou Bakker mei op paad.

 

Is dy dame ek sa’n dikke?
Nee, sa meager as in prikke.

 

út: FeRsefariaasje 2003

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.